Sterke Ynse in het Fries
Historie pagina
Historie pagina
Welkom bij Siegerswoude
Your Second News
Copyright © 2008
by "Siegerswoude"
All Rights reserved
info@siegerswoude.org
Sterke Ynse:

De namme fan Sterke Ynse sil, benammen by de âldere minsken yn it eastenfan Opsterlân, sa yn'e omkriten fan Bakkefean en Sigerswald, noch wol yn 't ûnthâld lizze. Fan dizze Ynse H. Terpstra, berne yn 1841 te Bakkefean en ferstoam yn 1926 te Sigerswald yn 'e âldens fan 85 jier, wurde wûndere ferhalen ferteld oer syn ûnbidich grutte krêft. Oft dy ferhalen foar de folle hûndertpersint op wierheid berêste, doar ik net foar yn te stean, mar dat hoecht de wille ek net te bedjerren. Yn elk gefal wol ik jimme in mannich priuwkes jaan fan Ynse syn krêft, sa 't dy my wer trochdien binne fan in Bakkefeanster, dy't him sels kinnen hat.
Ynse stie ris mei de smid te praten. De smid briek it petear wat hastich ôf omt de frou de kof je brún hie, sa 't er sei. Ynse waard net yn'e hûs noege om in bakje mei te drinken en dat foel hirn danich ôf. Lykwols, hy soe de smid wol krije. Doe't dy nei it kofjedrinken wer oan't wurk soe, koe er syn oanbyld nearne fine. It mânske brok izer fan sa 'n sânhûndert poun stie ...efter yn' e tûn. Ynse wie mar net te fier fuortgien en foar de priis fan in slokje waarden se it iens, dat er it spul wer te plak brocht.
Ynse wie nammers in behelpssum man. Fjouwer swiere beammen leine op' e Brink yn Bakkefean en in pear mannen wiene dwaande om dy op in wein te laden. It woe net slagje. Ynse: "Kom, mannen, mar efkes meiinoar. Ikke oan'e swierste ein en jirnme de oare kant". It krewei wie gou berêdden. De mannen switfagen ris, betanken Ynse tige en stieken de herberge yn om in slokje te nimmen op de goede ofrin.
Ynse……..bleau allinne bûten stean. Doe't de manlju mei de fracht hout op hûs oan soene, leine de beamnien wer kreas op'e Brink, lyk as foarhinne. En Ynse wie fuort.
Hy en syn broer Harm, in man, dy't ek lang net min byspile, hiene in feanbedriuw yn 'e Harmsdobbe. Alles moast mei de hynder en wein ferriden wurde. En as de âlde kedde it spul net fan 't sté krije koe, dan brochten de bruorren de wein, swier laden mei turf, wol efkes oan 't roljen. Men seit wol fan in minske, dat er sa sterk is as in hynder. Wolnou, Ynse toande dat er noch sterker wie. Doe't er ris by de brêge stie te praten, kaam bakker foarby mei de kedde foar de wein. De mannen fjurren him wat oan en Ynse hold út'e gek de karre fan efteren beet. De kedde koe de karre net mear fuort krije.
Ek op Drachtster merke wie hy fansels fan'e partij. De man fan'e Sla-jut-op'e- kop, dy't him grif.net koe, poende him oan ek ris in slach te weagjen. Ynse: "Kin dat bakje dat halde? Nou, hawar dan". En mei ien slach lei it hiele spul oan flarden. De spultsjebaas, alhiel ferslein: "Wêr komt dy slach wei?" En Ynse, grutsk: "Fan Bakkefean!".
Ynse hat nea troud west, likemin as syn iene suster. De oare wol, mar dy en har man koene net meiinoar. Hja hie op't lêst sa har nocht fan him dat se sei: "Ik sied nea wer iten foar dy" en se die it ek net. Doe naam de man it beslút om mar fuort te gean en hy sette ôf, mei de Fryske klok op'e rêch. Se brocht him oan 'e Foarwurkerbrêge ta en dêr hawwe se inoar yn alle freonskip de hân jûn. Hy teach nei Amearika en se hawwe inoar nea wersjoen.
Doe't Ynse al oer de tachtich wie, fertoande er syn sterke stikken noch. In boer hie in foer hea wat skean oploege en op'e ûnsljochte sânnige reed drige it spul fan boppen te kommen. Ynse sette efkes de leader tsjin oan en doe foel it roer hea dochs om de oare kant oer. Yn deselde tiid wiene in pear timmerlju dwaande oan'e Miuwmarswei in ny hûs te setten. Se fregen: "Ynse, soene jo dy kroade mei stien noch wol tille kinne? Ynse: "Is dy kroade sterk genôch? Dan Kinne jimme der tegearrenoch wol by op sitten gean". En dêr kroade er mei syn frachtsje hinne!
Ja, wûndere ferhalen waarden der fan him ferteld en Ynse, dy't nou al goed fyftich jier wei is, is suver in legendaryske figuer wurden. Yn april 1926 brochten se him yn Bakkefean te hôf.
De Fjouwer dragers koene de reis om it tsjerkhôf hinne net yn ien kear dwaan; op healwei moasten se de bier delsette om efkes ût te pûsten.
Hie Sterke Ynse it witten, hy hie him der grif om fermakke………. G.M.