Sigerswald, eartiids en hjoeddedei
Historie pagina
Historie pagina
Welkom bij Siegerswoude
Your Second News
Copyright © 2008
by "Siegerswoude"
All Rights reserved
info@siegerswoude.org
Sigerswald, eartiids en hjoeddedei

De namme Sigerswald moat ûntstien wêze ut de persoansnamme Siger en wâld dat moerasbos elzebroek bitsjut. Siger syn bosk. Hwa't Siger wie sil wol altyd forhoale bliuwe.
Neffens Spahr van der Hoek soene de lju dy't har hjirre to wenjen setten ut de Lege Midden fan Fryslan komme. Doe't it har dêr to wiet om'e fuotten waerd binne se flecht nei de hegere sangroun yn it easten. Der binne in stikmennich oanwizings dy't dizze ûnderstelling wierskynlik meitsje.
Yn elts gefal is it sa, dat om 1250 hinne net allinne yn Sigerswald, mar ek yn Oerterp en Duerswald, in tsjerke set waerd en dat wiist op in tanimmen fan de bifolking. Nou moatte wy net tinke dat dat in soad minsken wiene; dat hâldt mei in lyts hôndert wol op.
Neffens kaerten fan 1718 en 1830 binne der yn Sigerswald net mear as 17 pleatsen.
Yn 1744 wenje der 122 minsken, mar dan is de Feart al groeven oan't foarby Bakkefean en is it forfeantsjen al oan de gong. Op'e Fryskepaellen binne dan al in stikmennich hûzen. Dat dat forfeantsjen in smite folk nei Sigerswald lûkt blykt yn 1796, hwant dan binne der al 280 ynwenners. Dizze lju wenje dan foaral yn Fryskepeallen en lâns de Wylpsterwyk. De Wylp - in kaert ut 1830 seit de Wulp - bistiet dan noch mar amper.
Werom nou nei de earste biwenners. Dizze lju setten har to wenjen op' e hege sânrêch der't nou de Binnenwei rint. De pleatsen stiene hast yn in rjochte rige oan te noardkant fan de wei, útsein - tinkt my - dy fan Kempenaar, Nijboer en v.d. Hengel. De oare âlde stéen
steane hjir tusken yn. It wiene sanaemde utgeande pleatsen mei de bou foar en efter de pleats. aan de noardkant roun it lân dea yn it heechfean opnei Fryske- peallen en oan de súdkant wie de grins it Alddjip. Lâns it djip leine de healannen (de Mersken), leech en min gerslân dat by de winterdei der meastentiids ûnderstrûpte. Tusken de bou en it heechfean oan de noardkant en de bou en de Mersken leine de heidefjilden.
Op it Foarwurkerfjild wie in soad heide - fjild is heide - mar de Grinzer kant op ek in soadheechfean. Hjir stie earst wierskynlik ien en letter twa pleatsen "it Foarwurk". Dit wie in úthof fan it kleaster fan Smelle Ie.
Sigerswald wie in boeredoarp doedestiids mei in soad heide en heechfean en yn forhâlding in bytsje bou en noch minder greide en healân. De bou wie it wichtigste underdiel fan de buorkerij en it oerflak fan de bougroun stie oan it tal skiep en kij dat weide wurde koe. Folle kij hie men net om't der net folle fretten foar de kij wie. Net om 'e nocht hellen de Sigerswaldster boeren yn 'e simmer hea út de miedlannen fan Beets. Heide wie der genoch, binammen op it F oarwurkerfjild en fan gefolgen wiene der ek in soad skiep dy't togearre mei de pear kij foar de dong soargje moasten om it forbouwen fan rogge en hjouwer en ek boekweit mooglik to meitsjen.
Dizze foarm fan buorkjen b1iuwt sa rûchwei bistean oan’t it begjin fan dizze ieu ta, al binne der dan wol hwat mear kij ; en hwat minder skiep.
Undertusken is it tal ynwenners nei it graven fan de Feart en it forfeantsjen ûnder Fryskepeallen en de Wylp tige tanommen. Yn it earst oan binne it yn de regel feanarbeiders dy't har letter foar in part as boer en lytsboer delsette op'e oanmakke groun. It is dan eknetfrjemd dat nammen as van Veen, Veenstra, Venema en Nijboer hjir faker as ien kear foarkomme.
In twadde stjit yn de bifolkingsoanwaeks begjint nei 1900 as it F oarwurkerfjild oanmakke wurdt en in hoart letter ek de heide tusken de Binnenwei en de Bûtewei. Op it Foarwurk en hwat letter ek oan de súdkant fan de Binnenwei wurde dan nije pleatsen en pleatskes set. Der komme dan ek mear arbeiderswenten en hwat winkels foar lju dy as bakker, winkelman of klompmakker oan'e kost probeare to kommen. Dat der yn dy tiid noch heide is blykt ek ut it feit dat der yn 1913 noch in koöperatieve bijenforiening yn Sigerswald is, noch ien fan de fiif yn Nederlan. Mar dêr hearre wy letter neat mear fan! Dat de bifolking groeit blykt ut de sifers:
1890: 728 en 1930: 1487.
Sa om 1900 hinne is it de tiid dat der yn Nederlan praet wurdt oer "de arme Friese heide" en dêrûnder falt ek de Wylp en binammen it Sigerswaldster part dêrfan, de Fryske Wylp.
Sa 't dat mear bard is op de Fryske heide - mar net allinne dêr - dêr't earmoede wie, krige of it sosialisme of de evangelisaesje hâld oan. Yn de Fryske Wylp is it de evangelist Van Aken dy't in soad goed wurk docht. Hy bringt net allinne it evangeelje mar docht ek oan hwat wy nou neame maetskiplik wurk. Hy rjochtet sneinskoallen op mar ek jongereinforienings en hynimt de foarstap ta it stiftsjen fan in skoalle, de kristlike legere skoalle, dy't yn 1922 iepene wurdt. Yn Sigerswald is ien strjitnamme neamd nei in persoan, dat is de Van Akenwei. Alle oare wegen hawwe historyske nammen.
Op deselde dei yn 1922 waerd op'e oere hoeke fan it Foarwurk de iepenbiere skoalle iepene, mei rjocht in oanwizing dat yn dit part fan Sigerswald gâns mear minsken wennen dan foarhinne.
Oan’t dy tiid gongen de bern nei de Kromhoek op skoalle dy't al tusken 1850 en 1860 fan'e groun kaem wie. De skoalle op'e Kromhoekwaerd sluten yn 1953 doe’t Fryskepeallen in selsstannich doarp waerd en letter ôfbrutsen. lt âlde tsjerkje fan Sigerswald, dat op it tsjerkhôf stie tusken de Binnenwei en de Bûtewei yn, waerd yn it bigjin fan dizze ieu ôfbrutsen om 't it in boufal wie. lt plak fan it tsjerkje wurdt noch oanjoun troch in bûkehage. De alde friezen binne brûkt foar it baerhúske dat op it tsjerkhôf stiet mei it jiertal 1912 der op.
It forhael wol, dat yn de Frânske tiid dy lju it op de klokken yn de klokkestoel forsjoen hiene. De Sigerswaldsters hiene der lucht fan krige en de klokken nei "Moddergat" ta brocht. Wierskynlik earne bedobbe. Hwannear't de klokkestoel fordwoun is is net rjocht to sizzen, yn elts gefal moai foar 1900. In ny tsjerkje waerd set oan'e Binnenwei hwat letter ôfbaernd is. lt tsjerkje fan nou stjit op itselde plak.
Dat de tsjerke foarhinne sintrael stie yn'e mienskip blykt út it feit dat it plak krekt tusken de uterste pleatsen yn lei. De lju dy’t it fierste wei kamen moasten in foech kilometer rinne en dat wie doe, lâns net forhurde paden, net om'e nocht.
Hwa 't noch nea op it ald tsjerkhôf west hat ried ik oan dat in kear to dwaen; dêr leit noch in stikje fan it alde Sigerswald.
As jo prate mei de alderein dan hearre jo dat it oan it begjin fan dizze ieu noch net folle oars wie as hûnderten jierren tobek. Op it Langpaed dêr spûke it en wiene "wylde lantearnen" en seit sy 'I as famke doarden wy net mei in reade skelk foar dêr lans, hwant dêr hiene dy spûken it op forsjoen". En dat ek yn it boerebidriuw noch net safolle foroare wie blykt as sy fortelen oer it oanmeitsjen fan de heide efter harren buorkerij. "Op in kear wie myn man dwaende mei it oanmeitsjen fan in stikje heide doe't in oarenien him frege hwerom't hy in oar stik heide ek net oanmakke, sei hy dat er syn stront oars wol kwyt koe" . Dêrmei joech er oan dat hy dong to koart kaem. Ekdoe stiene de kij nachts noch hyltyd yn'e potstâl en waerden der plaggen stutsen. Dêrfoar hiene se noch heide nedich en somtiden waerden der plaggen kocht. En dat der tomin hea wie blykt ek kwant se kochten noch hea ut de Beetster healânnen en brochten dat op'e wein nei hûs ta.
Hwat is it dan nou al oars, gjin bou en amper noch heide to finnen. It is greide oan alle einen en kanten en yn dat lân rint net mear it skeamele waldfé , Weinterpers seine se eartiids, mar tierrich fé, dat fan de Wâldboer in féboer makke hat.
Yn 1946 hat Sigerswald 1541 ynwenners, mar as yn 1953 Fryskepeallen in selsstannich doarp wurdt rint it tal weromnei 1079. Dan is de hikke fan'e daem, de mechanisaesje yn 'e lanbou hat fan gefolgen dat de boerearbeiders nei de stêd tageane foar wurk, ek de lytse lanboubidriuwkes fordwine en as noch letter de roalforkaveling "it Keningsdjip" yn dizze kontreien húsmannet, bliuwe eins allinne de noch hwat greatere bidriuwen oer. It ynwennertal rint werom nei 830 yn 1976. 1977 liket in ommekear yn dizze tindins to jaen; it tal nimt mei in stikmennich ta.
Der is flecht op Sigerswald, jonge lju sette harren to wenjen op frijkommende stéen. Ek de gemeente is nou fan doel oanwentebou hwat romte to jaen. Mar dat Sigerswald op it fuottenein fan de gemeente leit - it lied " Sigerswald"
seit fuotteneintsje fan de wrald - fiele jo wol as jo it Foarwurk delride. En hwat sil der noch ris barre mei it stikje Sigerswaldûnder de reek fan de Wylp? Bliuwe de ynwenners Sigerswaldster of wurde it Wylpsters, bliuwe it Friezen of wurde it Grinslânners?
It folk wol by Sigerswald bliuwe, mar hwat dogge de “Hege hearen"?
Jo fiele it wol, it is net allegearre rys mei rezinen!
Hwa 't Siger wie sil wol altyd forhoale bliuwe, syn bosk is fuort, mar Sigerswald sil bliuwe!

drs. R.U.J. Uilkema, Septimber 1979